Terug naar Actueel

Adol Braaksma ziet Federatiebestuur wel zitten

Blog
Geplaatst op: 15 maart 2022
Je zou eens in het gevreesde gat vallen wanneer je bestuurstaak erop zit. Wat dan? Adol Braaksma van Lioessens hoeft zich daarover het hoofd niet te breken.
Adol Braaksma

Adol zwaait in april af als voorzitter van de uitvaartvereniging in zijn dorp, maar intussen is hij al aangeschoven als bestuurslid van de Friese Uitvaartfederatie, de koepel voor de bijna 190 aangesloten uitvaartverenigingen. Met zijn 34 jaren is Adol in dat verband het jongste bestuurslid. Hoogste tijd om een stukje van zijn doopceel te lichten. Om het maar op zijn Fries te formuleren:

Fan wa bist ien en wêr komst wei?

“Ik bin ien fan Pieter en Regina Braaksma. De earste sân jier fan myn libben wennen wy yn Hantumhuizen. Dêrnei ferhuzen wy nei Lioessens. Dêr wenje ik no noch mei my myn frou en ús twa berntsjes fan twa en trije. Aanst mei trije bern, want de tredde ferwachtsje wy yn july. Sûnt twa jier wurkje ik yn it magazyn by DEM yn Rinsumageast.”

Wat is der sa aardich oan Lioessens?

 “Wy wenje hjir mei in soad nocht, earne oars hinne ferhuzje, dêr prakkesearje wy net oer. Lioessens is in lyts doarp, hjir wenje om en de by de 300 minsken. Mar wy ha in hiel aktyf ferieningslibben.” Opgeteld komt Adol op zo’n 12 verenigingen. Hijzelf is/was in een aantal ervan actief. Zo is Adol (nog even) penningmeester van de Sportstichting en het Jeugdhonk, bekleedt hij diezelfde functie bij de Freonen fan de Kaatsvereniging en draagt hij zijn steentje bij in de projectgroep De Feart. De nodige bestuurservaring deed hij ook al op als voorzitter van de Oranjevereniging. Verder heeft hij zich kandidaat gesteld voor de gemeenteraad en het zou zomaar kunnen dat hij zich voor Gemeentebelangen in de politiek gaat bewegen.

Was het vinden van een nieuwe voorzitter een lastige klus?

“Nee, dat foel ta. Wy ha in jong bestjoer, de âldste is 45, en wy soargje derfoar dat wy mar ien perioade yn it bestjoer sitte. Sels kaam ik yn 2017 yn it bestjoer en no is it myn tiid om derút. Wy ha trouwens ek in jonge dragersploech. Der binne krekt fjouwer nije dragers by kommen. Sy sitte om de 40 jier hinne. We ha in jûntsje organisearre om harren oefenje te litten mei in echte, lege kiste en de boade derby. Se binne der no klear foar.” Een jong bestuur, jonge dragers, menige vereniging zou er zijn vingers bij aflikken.

Hoe pakken jullie dat aan?

 “Sjoch, ús motto is ‘mei-inoar de skouders derûnder. Hjoed de dei hat men de mûle fol fan mienskip. Wy ha it dêr net oer. Wy dogge it gewoan. It moat fan ûnderop komme, at it fan boppe ôf oplein wurdt, dan kostet it te folle tiid en jild en smyt it neat op.”

Een leefbaar dorp dus

‘Ja, sa kinst it wol stelle. Wy ha fansels ek noch it kafé.” Het café, De Bontebok, dat is best wel bijzonder. Adol heeft dat samen met vijf vrienden gekocht. “De Bontebok drige in wenbestimming te krijen, dat koe fansels net. In doarp hat in skoalle nedich, mar ek in kroech. We binne no dwaande it kafé yn de âlde stijl te renovearjen, it is noch net klear, mar it wurdt breed droegen yn it doarp, it rint as in tierelier.”

En nu dan het bestuur van de Friese Uitvaartfederatie

“Jaseker, ik hoopje dat ik de útfeartferienings ek yn in breder ferbân fertsjinwurdigje kin. Dêr sil ik yn elts gefal myn bêst foar dwaan. Ik bin ek wol benijd om de útfeartwrâld ek ris fan in hiele oare kant te besjen. Dat der genôch te rêden is dat ha ik al wol begrepen. It is fansels ek wol in eare om foar sa’n bestjoer frege te wurden.”

Adol gaat de uitdaging aan en het Federatiebestuur is blij met het enthousiasme dat hij meebrengt in het bestuur. Dat staat als een paal boven water.

Dit bericht is geschreven door Ria Algra

Tekstschrijver | Webredacteur; de foto bij het interview is van Carolien Dijkstra / Fotostudio X-pose

Adol Braaksma

Betaalbaar - Betrokken - in de Buurt - Professioneel

Samen tellen onze verenigingen circa 150.000 leden: de Krêft fan Mienskip